Skarsterrijnbrêge ferâldere

03 okt 2007 - 21:04

De Skarsterrijnbrêge yn de A6 tusken De Jouwer en De Lemmer ferâlderet folle gauwer as earder foarsjoen. By 25 stielen brêgen yn Nederlân is metaalwurgens fûn en by in top tolve fan dy brêgen is it sa slim dat maatregels nêdich binne. De Skarsterrijnbrêge is ien fan dy brêgen.

Yn desimber moat dúdlik wêze yn hoefiere ek fiadukten gauwer ferâldere binne. Yn Fryslân giet om fiadukten yn de A7 en de A6.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)