Skarsterlân wol SP oanpakke

01 feb 2010 - 13:59

Skarsterlân wol fan it iepenbier ministearje witte wat dien wurde kin tsjin de SP yn de gemeente. Dy levere in kieslist yn mei in ferfalske hantekening fan partijfoarsitter Jan Marijnissen. De partij die dat om mei dwaan te kinnen oan de gemeenteriedsferkiezings fan maart.

De gemeente stjoert it iepenbier ministearje moandei in brief mei de fraach wat der tsjin de ferfalsking ûndernaam wurde kin. It dwaan fan oanjefte is ien fan de opsjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)