Skarsterlân wol gjin sweeftrein

15 nov 2005 - 06:19

De gemeente Skarsterlân set net mear yn op in sweeftrein, omdat in mearderheid fan de ynwenners fan Skarsterlân dêr op tsjin is. Dat die bliken út in enkête, dy't op inisjatyf fan in pear politike partijen hâlden is.

Boargemaster en wethâlders binne noch wol foarstanner fan in flugge spoarferbining mei de Rânestêd, mar dat hoecht dus gjin sweeftrein te wêzen. De foarkar foar in sweeftrein wurdt út it kolleezjeprogram helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)