Skarsterlân twadde by MKB

15 jun 2011 - 06:52

It is Skarsterlân net slagge om de MKB-freonlikste gemeente fan Nederlân te wurden. De gemeente Bergambacht hat de priis tiisdei wûn. Skarsterlân waard twadde. Helmond is de MKB-freonlikste stêd.

Sa'n 17.000 ûndernimmers hawwe stimd. De foarige kear waard Skarsterlân noch tredde. Skarsterlân waard op 6 juny foar de fjirde kear op rige útroppen ta MKB-freonlikste gemeente fan Noard-Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)