Skarsterlân skoart goed

29 jan 2007 - 10:49
  • it gemeentehûs o'p 'e Jouwer (foto: Martin de Jong)

Skarsterlân, Frjentsjerteradiel en Ljouwert binne klantfreonlike gemeenten. Dat komt út in ûndersyk dat útfierd is troch TNS-Nipo. Oan it ûndersyk diene 70 gemeenten mei.

Skarsterlân helle goede sifers: de service oan de baly krige fan de minsken it rapportsifer 7,6 en foar telefoanyske tsjinstferliening krige de gemeente in 7,7. Dat is heger as it sifer fan alle oare dielnimmers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)