Skarsterlân siket moaiste beam

16 feb 2009 - 16:59

De gemeente Skarsterlân wol fan de ynwenners witte wat sy de moaiste beam fine dy't yn 'e gemeente stiet. It projekt hat de namme 'De Beam mei de X-factor' krigen en hâldt yn dat minsken fan septimber ôf op in spesjale ynternetsite trochjaan kinne wat harren favorite beam is.

Yn 'e oanrin nei de ferkiezings publisearret de gemeente op de eigen side yn de Jouster krante ferhalen fan bekende Skarsterlanners oer de beam dy't sy de moaiste fine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)