Skarsterlân ropt jongerein op

23 feb 2006 - 14:29

Skarsterlân is in kampanje begûn om op 7 maart mear jongeren nei de stimbus te krijen. Alle goed seishûndert jongeren yn de gemeente dy't foar it earst stimme meie, krije dizze dagen in kaart yn 'e bus. Dêrop wurde de jongeren oproppen om op 7 maart by de gemeenteriedsferkiezings te stimmen.

Dat bart ûnder it biedwurd 'Doe je mond open op 7 maart'. De gemeente sil ek noch 150 posters troch Skarsterlân ferspriede.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)