Skarsterlân: PvdA, FNP winne

07 mrt 2006 - 23:49

De PvdA en de FNP binne de winners fan de ferkiezings yn Skarsterlân. De PvdA wûn twa sitten en is no mei sân sitten de grutste partij yn Skarsterlân. It CDA ferlear in sit en hat der no seis. De FNP giet fan fjouwer nei fiif sitten.

De VVD gie fan trije nei twa sitten. De ChristenUnie is mei ien sit stabyl. D66 ferdwynt ek út de ried fan Skarsterlân. De demokraten lutsen har yn Skarsterlân al foar de ferkiezings werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)