Skarsterlân moat bisten telle

02 nov 2009 - 20:57
  • Hoefolle kninen binne der yn Skarsterlân?

Ynwenners fan Skarsterlân moatte meidwaan mei it tellen fan fûgels, flinters, poddestuollen of planten. Sa wurdt dúdlik wat der allegear libbet yn de gemeente en dêrtroch wurde de minsken mear belutsen by de natuer. Dat is it plan fan natuersaakkundige Jan de Jong fan De Jouwer.

De Jong hopet dat de gemeente mei syn idee oan 'e slach wol. Hysels is al begongen mei in list fan alle briedfûgels. Dy list moat eltse tsien jier bywurke wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)