Skarsterlân moat besunigje

27 apr 2004 - 00:00

Yn de maitiidsnota fan Skarsterlân wurde tal fan maatregels oankundige om te besunigjen. Der komt minder jild foar it ûnderhâld fan diken en grienfoarsjennings lykas parken. Ek geane de gemeentlike leezjes foar it bouwen en de grêfrjochten omheech.

De gemeente moat mei-elkoar 450 tûzen euro besunigje. Om jild út te sparjen wurdt in grut part fan de plande útjeften trochskood nei it jier 2008. De plannen waarden tiisdei presintearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)