Skarsterlân mei swannekop

09 jan 2007 - 11:20

De gemeente Skarsterlân as nij logo in swannekop mei de S fan Skarsterlân as hals. It logo wurdt útfierd yn blau en grien. Dy kleuren stean foar it wetter en de natuer yn de gemeente.

Foar 1 febrewaris moatte alle gemeenteauto's it nije logo fiere. Fan nije wike ôf wurdt it nije briefpapier brûkt. Oare saken wurde letter oanpast. Boargemaster Kuiper presintearre it nije logo moandei op de nijjiersresepsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)