Skarsterlân kediist oer fúzje

10 des 2008 - 10:32
  • Fúzje op aginda gemeenteried

It kolleezje fan B en W fan Skarsterlân freget de gemeenteried nije wike in positive grûnhâlding oan te nimmen oer in eventuele fúzje mei de buorgemeenten Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân.

De ried wurdt ek frege om in beslút te nimmen oer in ûndersyk dat de gemeente dwaan wol nei de kânsen en risiko's fan sa'n fúzje. Boppedat wol de gemeente in oerlis mei de ynwenners fan Skarsterlân, foardat in definityf beslút nommen wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)