Skarsterlân keapet sânwinput

21 mrt 2007 - 15:28

De gemeente Skarsterlân keapet de sânwinput neist de A7 by Aldehaske. Foar trijetûzen euro wurdt de put kocht fan de fallite Stichting Het Friese Landschap, dy't him yn eigendom hat.

Der hiene ek ferskate oare partijen ynteresse foar de put. It kolleezje fan B en W fan Skarsterlân tinkt dat der genôch ûntwikkelingsmooglikheden binne, bygelyks as rekreaasje- of natuergebiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)