Skarsterlân jout jild 'werom'

04 maaie 2005 - 11:05

Skarsterlân stekt ekstra jild yn de service oan de ynwenners en yn foarsjennings lykas doarpshûzen en sportfjilden. Dat stiet yn de maaitiidsnota.

Der is jild foar bygelyks de ferbou fan in sealesintrum yn Sint Nyk en de útwreiding fan it fuotbalfjild yn Aldehaske. Ek is der jild foar foarsjennings foar wettersporters. De ekstra útjeften binne mooglik omdat der mear besunige is as needsaaklik wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)