Skarsterlân hat begrutting rûn

20 sep 2001 - 00:00

De gemeente Skarsterlân hoecht takom jier gjin jild te lienen om de begrutting rûn te krijen. Dat is foar in gemeente frij bysûnder. Tsien jier lyn moast ek Skarsterlân noch miljoenen liene. It eigen fermogen fan de gemeente nimt no lykwols ta oant 133 miljoen gûne yn 2002. Foar de ynwenners hâldt dat yn dat de gemeentlike lêsten net omheech geane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)