Skarsterlân ferheget belesting

02 okt 2003 - 00:00

De ûnreplik guodbelesting yn de gemeente Skarsterlân giet takom jier yn ien kear mei 22 persint omheech. Foar in hûs fan 123.000 euro betsjut dat in ferheging fan 52 euro yn it jier.

De ferheging hie eins útsmard wurde moatten oer trije jier, mar wurdt no yn ien kear trochfierd, om't de finansjele posysje fan Skarsterlân troch de besunigingsplannen fan it kabinet minder wurden is. De ried moat noch akkoart gean mei it foarstel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)