Skarsterbrêge wol sirene

30 mrt 2010 - 11:20

By it suvelfabryk yn Skarsterbrêge moat wer in sirene komme. Dat wol pleatslik belang fan it doarp. Yn Skarsterbrêge stiet krekt sa'n fabryk as yn Dronryp. Dat doarp ûntstnapte ôfrûne jier oan in ramp doe't salpeter-soer út in frachtwein frijkaam.

In sirene by it fabryk yn Skarsterbrêge kin derfoar soargje dat de ynwenners op tiid warskôge wurde by in eventuele ramp. De ynwenners hearre de sirene's dy't op 'e Jouwer of yn Sint Nyk steane faak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)