Skânsrekord Helmholt Bûtenpost

11 jul 2008 - 11:06
  • Bart Helmholt (foto Martin de Jong)

Bart Helmholt wûn tongersdei it fierljeppen yn Bûtenpost mei in sprong fan 19.83 meter. Dat is foar de skâns fan Bûtenpost in rekord. By de froulju wûn Anna Jet Leyenaar mei 14.20.

By de junioaren wûn Nard Brandsma mei in nij persoanlik rekord fan 18.41 meter. By de jonges wûn Albert Jan Venema mei 15.71 meter. Der waard yn Bûtenpost 14 kear oer de 18 meter sprongen. Nard Brandsma sprong twa kear oer de 18 meter en Jacob Scherjon ek ien kear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)