Skânsrekord Galama yn Drylts

18 aug 2006 - 15:02

Ysbrand Galama fan It Heidenskip hat tongersdei it fierljeppen yn Drylts wûn. Hy sprong 18 meter 91. Dat is in skânsrekord en tagelyk in persoanlik rekord. Rients van der Wal fan It Heidenskip waard twadde. Hy sprong mei 18 meter 66 ek in persoanlik rekord. Henk Schievink fan Burgum waard tredde mei 18 meter 65.

By de jonges wûn Hannes Scherjon fan Noardburgum mei in sprong fan 18 meter 17.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)