Skânsrekord foar Bart Helmholt

22 jun 2006 - 13:01

Fierlepper Bart Helmholt fan Hurdegaryp hat mei 18 meter 68 in nij skânsrekord ljept op De Jouwer. It wie al wer de fjirde oerwinning foar Helmholt. Ysbrand Galama fan It Heidenskip waard mei ôfstân twadde mei in sprong fan 17 meter 43.

By de junioaren gie de winst nei Thomas Helmholt fan Burgum. Jildou Potsma fan Snits wûn by de froulju en Alwink Vonk pakte de winst by de jonges.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)