Skalsumerpolder: heech wetter

09 sep 2011 - 12:26
  • Foto's: Omrop Fryslân, Ilse Hermanides

Boeren yn 'e Skalsemerpolder tusken Frjentsjer en Dronryp binne benaud foar brúnrot. It wetterpeil yn in part fan de polder stiet neffens harren fierstente heech. It wetterskip hat it gemaal wol oanstean, mar omdat dat op it heechste punt stiet bliuwt it wetter op guon plakken te heech.

Al 15 jier stride de boeren foar in gemaal op it leechste punt, mar dêr wol it wetterskip neat fan witte. It peil heart op 1.30 NAP te sitten, mar stiet no folle heger.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)