Skaband nei Liet Ynt

20 feb 2011 - 14:29

De earste dielnimmer fan it festival Liet Ynternasjonaal is bekend. De skaband Skama La Rede wûn sneon yn Asturias yn Noard-Spanje de regionale foarronde. De Asturiërs beskôgje harsels as in Keltyske naasje, lykas de Bretonnen yn Frankryk en de Ieren. Yn 'e muzyk is dat dúdlik werom te hearren mei Keltyske eleminten en ek Keltyske ynstruminten lykas de gaita.

Liet Ynternasjonaal is dit jier yn Friûlië yn Italië. Asturias wol it festival yn 2012 organisearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)