Skaaltsje fan Sinees Ru ûntdutsen yn Keramykmuseum

03 des 2014 - 17:37
  • It Ru skaaltsje

In Sineesk Ru skaaltsje fan Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert blykt nei ûndersyk tige seldsum te wêzen. Goed 33 jier lei it skaaltsje yn de opslach fan it museum. Doe't in deskundige fan it National Palace Museum yn Taipei it skaaltsje by in besite oan de Princessehof seach, merkte er op dat it wolris om in topstik fan de Sinees Ru gean koe.

Ut ûndersyk docht bliken dat dit yndie it gefal is. Oer de hiele wrâld binne der 79 Ru-objekten bekend. Yn 2012 brocht sa'n objekt mar leafst 26,7 miljoen dollar op by in feiling.

It Ru-bakje waard in 1981 skonken oan it Princessehof troch de widdo fan de hear Mueller, in samler út Zutphen. It skaaltsje sil nei de werynrjochting fan it museum wer te besjen wêze foar besikers. It sil dan lykwols goed befeilige wurde, seit it museum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)