Skaakwedstriid op ynternet

07 mrt 2003 - 00:00

De Fryske topskaker Sipke Ernst út Damwâld nimt it begjin april op tsjin de wrâld. Dat bart yn in wedstriid dy't fia it ynternet ferspile wurdt. Net earder hat in Nederlanner soks dien. It skaakbûn hat de organisaasje yn hannen.

Fia de ynternetside fan Omrop Fryslân kin elkenien de partij folgje. Wa't meidwaan wol, kin opjaan watfoar set oft der dien wurde moat. Om de twa dagen wurdt in set dien. De partij sil sa'n trije moannen duorje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)