Skaaktwakamp Ernst-Werle

05 okt 2001 - 00:00

Yn 'e radiostudio fan Omrop Fryslân is freed de skaaktwakamp tusken Sipke Ernst en Jan Werle begûn. De Fryske skaaktalinten Ernst (22) en Werle (17) stride om dielname oan it Nederlânsk Kampioenskip fan takommend jier.

Ernst en Werle binne goed oan in oar weage. Ernst wûn freed nei hast seis oeren skaak de earste partij. Sneon wurdt de twadde en lêste partij spile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)