Sjûkelân klear foar PC

02 aug 2011 - 15:21

Yn Frjentsjer binne se hielendal klear foar de PC. De gersmatte op it Sjûkelân leit der strak by. By de 158e edysje fan 'e PC wurde gjin problemen mei it fjild ferwachte. Ferline jier wiene de keatsomstannichheden min om't it fjild de rein net oankoe.

Yntusken hat it Sjûkelân in opknapbeurt hân. Der is in nij drainaazjesysteem oanlein en dat liket goed te wurkjen. Tiisdeitejûn wurdt it gers noch ien kear meand. Dêrnei is it wurd oan de keatsers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)