Sjûkelân is drainearre

08 jun 2011 - 11:06
  • Foto: Rob Pieters (Omrop Fryslân)
  • Foto: Maarten Bruining (Omrop Fryslân)

Keatsfjild it Sjûkelân yn Frjentsjer is woansdei foar it earst wer meand neidat it fjild drainearre is. Op it fjild wurdt alle jierren de wichtichste keatswedstriid fan Fryslân, de PC, hâlden.

De drainaazje wie nedich omdat ferline jier by de wedstriid in soad reinwetter op it fjild stean bleau. Dat wie dreech foar de keatsers. De Grontmij hat de drainaazje útfierd. It fjild is dêrnei ynsiedde mei gers. De PC falt dit jier op 3 augustus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)