Sjuery Rie fan 200 fan De Friesland is rûn

13 aug 2015 - 12:18
  • Kantoar fan De Friesland yn Ljouwert

De Friesland soarchfersekerder hat de Rie fan 200 rûn. Dit is in sjuery dy't bepale mei nei hokker ideeën jild fan De Friesland giet. De soarchfersekerder bestiet dit jier 200 jier en wol dêrom de mienskip stypje. Eltsenien dy't in plan hat om de kwaliteit fan libben, de sûnens, kultuer of de mienskip te ferbetterjen, mei dit ynstjoere.

De Rie fan 200 kiest op hokker ideeën stimd wurde kin. Yn de sjuery sitte bekende Friezen lykas Joop Atsma, Sjoerd Galema en Roelof Jonkers.

Mar ek klanten, net-klanten en meiwurkers fan de soarchfersekerder. De winnende ideeën krije maksimaal fiiftûzen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)