Sjuery Rely Jorritsma priis rikt maksimaal oantal prizen út

14 aug 2015 - 11:36

Fiif fersen en fiif ferhalen krije dit jier de Rely Jorritsma priis. It is foar it earst sûnt jierren dat dit maksimale oantal prizen útrikt wurdt, sa meldt de sjuery. Meielkoar binne 54 fersen ynstjoerd en 28 ferhalen. De útrikking fan de prizen is op 3 oktober yn it doarpshûs fan Weidum.

Tagelyk wurde dan ek de Junior Rely prizen útrikt. Dêrfoar komme dit jier fjouwer fersen en fjouwer ferhalen yn oanmerking. Hjir moast de sjuery sawat 75 ynstjoeringen beoardielje. Dit jier is de priisfraach foar de sechtichste kear útskreaun.

De winnende fersen foar de Rely Jorritsmapriis binne 'In wykein as dit' fan Janneke Spoelstra, 'Kom der noch mar ris om; in ûnbedoarne prins op in kleurfêst wyt hynder' fan Edwin de Groot, 'De stêd, in sang' fan Ate Grypstra, 'It geheim fan de âlde bern' fan Akke Brouwer en 'Wûnderdokter' fan Auck Peenstra.

De winnende ferhalen binne 'Monolooch út it pakhûs' fan Eppie Dam, 'In stjer, in planeet' fan Koos Tiemersma, 'Oer it hynder' fan Baukje Zijlstra, 'Superjûn' fan Gerrit Hoekstra en 'Hûnen' fan Jelle Bangma.

Yn de kategory poëzij binne de Junior Rely-priiswinners Tjerk Jan Atsma mei it fers 'Gatsjepanne', Corrien Tolsma, mei 'Sinne, see en sân' en Froukje Mensonides 'Tûzen gljinsterende triennen'. Jasper Avontuur krijt in oanfiterpriis foar it fers: 'Bikkel'.

Yn de kategory proaza binne de winners Doenja Payer, foar it ferhaal 'Ôfskied' en Grady Slagman foar 'Stedsjes op besite'.

Oanfiterprizen binne der foar Jeljer Westra, mei 'Kontakt' en foar Abe Sligting mei 'Gedochjes fan de mier en de oplossing fan de mol'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)