'Sjuery die wurk net goed'

07 sep 2004 - 15:57

Buertferiening Op 'e Râne yn Dokkum is teloarsteld oer de sjuery fan de wedstriid 'Schoonst versierde straat van Dokkum'. Yn in ynstjoerd stik yn de Nieuwe Dockumer Courant fernuvert de klub him oer de gong fan saken.

De sjuery kaam op net ôfprate tiidstippen de strjitte besjen. En de sjuery wie der ek te koart. De klub hopet dat de sjuery by de folgjende wedstriid, oer fjouwer jier, better nei har fersierde strjitte sjocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)