Sjoukje de Jong net langer aktyf yn it bûtenlân

09 des 2014 - 16:47
  • Skiedsrjochter

Sjoukje de Jong hâldt per 1 jannewaris op mei it ynternasjonale skiedsrjochterjen. De 42-jierrige ynwenster fan Stobbegat hat 15 jier lang yn it bûtenlân fluite of grinsrjochtere. Sa kaam se oant 92 optredens. Sjoukje de Jong wie ek de earste frou yn it betelle fuotbal yn Nederlân. Yn 2001 flagge se by de wedstriid Go Ahead Eagles-VVV yn de Jupiler League.

Ynternasjonaal wie De Jong skiedsrjochter, û.o. by de finale fan it Europeesk kampioenskip foar froulju yn Dútslân. By dy finale tusken it thúslân en Zweden sieten 25.000 yn it stadion.

De Jong bliuwt aktyf yn eigen lân en sil in kursus folgje om waarnimmer te wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)