Sjongfûgelshow yn Ljouwert

27 okt 2005 - 17:26

Op it AOC yn Ljouwert is woansdeitejûn in grutte sjongfûgelshow begûn, ek al hat de Europeeske Uny advisearre om soks net mear te dwaan fanwege de fûgelgryp.

De Fryske foljêreferiening Natuurzang organisearret alle jierren in nasjonale sjongfûgelshow, mar moast dit jier al tastimming ha fan it ministearje fan Lânbou. Ek wurdt deistich belle mei amtners foar de lêste stân fan saken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)