Sjongfûgels fuortmeand

17 jun 2011 - 11:34
  • Gemeentehûs Weststellingwerf yn Wolvegea (foto: Omrop Fryslân)

De gemeente Weststellingwerf hat by Blesdike in polderdyk mei briedende sjongfûgels meane litte. Dat mei net en dêrom hat de plysje in proses-ferbaal útskreaun. De gemeente hat mei de meanerij de floara- en faunawet skeind en dêrom moast de plysje yn aksje komme.

It foarfal wie begjin juny. In leanbedriuw fierde de meanwurk út yn opdracht fan de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)