Sjonger Rinus ynternasjonaal

14 jul 2011 - 14:25
  • Rinus de sjonger

De 41-jierrige sjonger Rinus Dijkstra fan Drachten is opnij ynternasjonaal opfallen. De wrâldwide ynternetkrante The Huffington Post skriuwt oer de fideo dy't fan Rinus op YouTube stiet, fan syn nûmer Met Romana op de scooter.

De krante hat it oer in bizarre muzykfideo en wit ek net rjocht oft Rinus serieus naam wurde moat of net. Rinus Dijkstra liet twa jier lyn foar it earst fan him hearre, mei in ferske oer sjongeres Marloes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)