Sjonge yn provinsjehûs mei Syb

14 apr 2012 - 11:29

Goed 600 Friezen sjonge sneon yn it provinsjehûs. It giet om leden fan koaren út hiel Fryslân. Se oefenje it liet Mei-inoar ien fan Syb van der Ploeg. Yn ferskate groepen studearje de koarleden it liet yn. Op 22 maaie sil it hiele koar it liet 'Mei-inoar ien' sjonge by de iepening van it provinsjehûs.

De oefensesje waard sneontemoarn iepene troch kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)