Sjonge mei Falentyn

02 feb 2011 - 13:44

Learlingen fan ROC de Friese Poort bringe serenades mei Falentyn. It giet om learlingen fan de oplieding ûnderwiisassistint-muzyk. Se ha koarkes foarme en sjonge foar 25 euro op lokaasje. De opbringst giet nei Terre des Hommes. Dit goede doel striidt tsjin berne-arbeid en is dit jier troch besunigings syn subsydzje kwytrekke.

Op valentijnactie2011.hyves.nl kin it plak en tiidstip trochjûn wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)