Sjon Stellinga ynstallearre

26 jan 2012 - 21:53

Sjon Stellinga fan Surhústerfean is tongersdei troch kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma ynstallearre as de nije boargemaster fan Skiermûntseach.

De 53-jierrige Stellinga wie oant no ta fraksjefoarsitter fan de PvdA yn Achtkarspelen. Yn dy gemeente wie er earder ek wethâlder. Stellinga is hiel entûsjast oer syn nije funksje, hy seit dat er al sûnt syn stúdzjetiid leafhawwer fan it Waadeilân is. Stellinga folget Zijlstra op, dy't sûnt maart ferline jier waarnimmend boargemaster wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)