Sjoggers kieze foar muzyk

12 jun 2006 - 12:58

De besikers fan www.omropfryslan.nl hawwe in sterke foarkar foar muzyk en kultuer. Under de titel De Sjogger de Baas werhellet de omrop dizze simmer op freed programma's dy't troch sjoggers selektearre binne.

It Slotkonsert fan Simmer 2000 luts de measte stimmen, op 'e foet folge troch it Shantyrekord fan PM-tv. Oerol 1997 krige ek in soad stimmen, lykas Sielesâlt fan Nynke Laverman, it bêste fan Hea! en Van Tuinen by Hessel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)