Sjoerd Hamburger by NL Sporter

05 nov 2013 - 15:09
  • Sjoerd Hamburger

Sjoerd Hamburger is beneamd ta bestjoerslid fan NL Sporter, in belange-organisaasje foar topsporters. De 30-jierrige Hamburger, berne yn Aldeberkeap, wie as roeier aktyf op de Olympyske Spelen fan 2008 en 2012. Yn it bestjoer sil er him benammen dwaande hâlde mei dopingfraachstikken. NL Sporter hat ôfskie nommen fan foarsitter Matthijs Huizing. As lid fan de Twadde Keamer foar de VVD en wurdfierder sport koe Huizing gjin lieding mear jaan oan de sportbelangeferiening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)