Sjoerd Feenstra formateur nij bestjoer SC Hearrenfean

27 okt 2015 - 14:25

Sjoerd Feenstra is de formateur fan it nije bestjoer fan SC Hearrenfean. Hy is oansteld troch it stichtingsbestjoer. Feenstra moat derfoar soargje dat der foar de krysttiid in nij deistich bestjoer is by de fuotbalklup. De formateur is gjin ûnbekende op It Hearrenfean. Hy wie yn 2013 ien fan de trije tydlike leden fan de ried fan kommissarissen. Ek wie er yn de jierren '70 en '80 de grutte man efter de iishockeyers fan Feenstra Flyers.

Moandei stapte it folsleine bestjoer fan SC Hearrenfean op, nei in perioade fan bestjoerlike ûnrêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)