Sjoerd de Vries wrâldkampioen

24 feb 2007 - 16:25
  • Sjoerd de Vries op argyffoto fan Martin de Jong

Reedrider Sjoerd de Vries fan Twellingea is sneon yn Innsbruck wrâldkampioen wurden by de junioaren. Op de ôfslutende 5 kilometer waard er earste yn in tiid fan 6 minuten 57 sekonden en 87 hûndertsten.

Tim Roelofsen waard twadde yn it einklassemint en de Amerikaan Trevor Marsicano tredde. De Nederlânsk kampioen De Vries waard op de 500 meter fyfde, tredde op de 3000 meter en sânde op de 1500 meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)