Sjoerd de Vries nei ien dei 3e

29 des 2011 - 19:20

Sjoerd de Vries stiet nei de earste dei fan it NK-sprint op it tredde plak yn it klassemint. De reedrider fan Twellegea waard sechsde op de 500 meter yn 35.38, in nije persoanlike toptiid. Op de 1000 meter ried er 1.09.64, goed foar it fiifde plak.

Hein Otterspeer is de lieder mei 35.23 (3e) en 1.08.82 (1e). Twadde is regearend kampioen Stefan Groothuis. Dy wûn de 500 meter yn 35.09 en waard twadde op de 1000 meter yn 1.09.11.

Jesper Hospes waard twadde op de 500 meter yn 35.22 en teloarstellend 21e op de 1000 meter yn 1.12.32. Hospes stiet alfde yn it klassemint. Ien plakje heger stiet Jan Smeekens, nei in fjirde plak op de 500 meter (35.31) en in 18e op de 1000 meter yn 1.11.97. De bêste fjouwer fan it einklassemint, freed ride de manlju opnij in 500 en 1000 meter, pleatse har foar it wrâldkampioenskip sprint yn Calgary. Dat WK is ein jannewaris 2012.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)