Sjoerd de Vries nei Calgary

30 des 2011 - 17:44

Sjoerd de Vries fan Twellingea hat him freed pleatst foar it wrâldkampioenskip sprint, ein jannewaris yn Calgary. De Vries einige as tredde yn it einklassemint achter Nederlânsk kampioen Stefan Groothuis en Hein Otterspeer.

Op de lêste ôfstân foel de beslissing. Groothuis makke mear as 0.85 goed op de ferrassende Otterspeer. Syn winnende tiid wie 1.08.85. Otterspeer ried 1.10.05. Sjoerd de Vries waard op de lêste 1000 meter fjirde yn in tiid fan 1.09.47. Kampioen Groothuis, Otterspeer, Sjoerd de Vries en Pim Schipper meie foar Nederlân nei it WK sprint yn Calgary.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)