Sjoerd de Vries kin better

29 jan 2012 - 00:12
  • Sjoerd de Vries

Sjoerd de Vries is op syn earste WK sprint net gelokkich. Nei in 23e plak op de 500 meter yn Calgary moast de 1000 meter in protte goedmeitsje. Dat slagge net. Ried er ferline wike noch in moai pr fan 1.07.74 yn Salt Lake City, no kaam 1.09.45 op de klokken. Dat wie goed foar in teloarstellend 25e plak. Shani Davis wûn de ôfstân yn 1.07.25, foar Stefan Groothuis yn 1.07.50. Kyou-Hyuk Lee is de lieder nei de earste dei, foar Dmitry Lobkov en Stefan Groothuis. Sjoerd de Vries hat snein neat mear te ferliezen, hy is no 27e.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)