Sjoerd de Vries 5e op 1000 m

04 mrt 2012 - 15:26
  • Sjoerd de Vries

Sjoerd de Vries is fyfde wurden op de 1000 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Thialf. De hurdrider út Twellingea hie graach wat rapper wêze wollen as de 1.09.75 dy't er no klokte. De winst gong nei de Amerikaan Shani Davis, dy't mei 1.08.88 syn konkurrint Stefan Groothuis krekt foarbleau. Groothuis sette in tiid fan 1.09.00 op de klok. It brûns wie foar Kjeld Nuis mei 1.09.05.

Groothuis stiet yn it wrâldbekerklassemint boppe-oan, folge troch Davis en Nuis. De Vries stiet op it fjirde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)