"Sjoemele by sportpriis"

25 mrt 2011 - 16:16
  • Sven Kramer (foto: Omrop Fryslân)

De ferkiezing fan Fryske sportman en sportfrou fan it jier ferrinne net altyd earlik. Dat suggerearret Sven Kramer. Sawat elk hie ferwachte dat Kramer Frysk sporter fan 2010 wurde soe, om't er goud en brûns wûn op de Olympyske Spelen yn Vancouver en dat jier ek wrâld- en Europeesk kampioen allround waard. Ta fernuvering fan in soad minsken gie de priis lykwols nei turner Epke Zonderland. De organisaasje is teloarsteld oer Kramer syn wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)