Sjoele op Difference Day

02 nov 2007 - 16:51
  • Lutz Jacobi yn aksje
  • In bewenner fan it tehûs oan it sjoelen

It belang fan frijwilligerswurk stiet freed en sneon sintraal op 'e Make a Difference Day. Tûzenen minsken mei in betelle baan stekke de hannen út 'e mouwen om sels ek ris frijwilligerswurk te dwaan. Dêr sitte ek pommeranten by.

Sa holp it Fryske PvdA Twadde Keamerlid Lutz Jacobi âldere minsken yn Berchhiem by it sjoelen. It tehûs hat hûndert frijwilligers dy't putsjes dogge dêr't oaren net oan ta komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)