Sjochsintrum Drylts iepene

23 apr 2006 - 14:13

Goed hûndert jier lang bepaalde it fabryk Nooitgedagt it libben yn Drylts. Dat wolle de ynwenners net ferjitte. Dêrom is sneon it nije sjochsintrum Nooitgedagt iepene. Dêr binne allerhanne produkten út it eardere fabryk te besjen.

It giet dan om redens, timmermansark en boartersguod. It nije sintrum moat mear toeristen nei Drylts lûke. By it sjochsintrum moat yn de takomst ek in dochsintrum komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)