Sjochdei foar stellen guod yn Burgum

14 feb 2015 - 10:44
  • Ferkearsbuorden, swaailjochten en kantsjemeanders sieten by de útstalde artikels

De plysje hâldt sneon yn Burgum in sjochdei foar stellen guod. Yn desimber ferline jier waard yn in garaazjeboks yn Bûtenpost stellen guod fûn. De eigener, in 25-jierrige ynwenner fan Hurdegaryp, is dêrby oanholden.

It measte guod is al wer by de eigeners werom, mar noch net alles. Dêrom kinne minsken sneon yn Burgum op fertoan fan in bewiis fan oanjefte fan stellerij harren besittings wer mei nei hûs krije. Fyftich minsken hawwe west te sjen en sân hawwe guod meinaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)