Sjochdagen kolleksje De Groot

18 feb 2006 - 12:49

Yn Drylts koene freed de keunststikken út 'e kolleksje fan Coba de Groot besjoen wurde. Takom wike wurde dy stikken feild by Feilinghûs Ald Fryslân. De Groot hat har hele libben keunst sammele. Net allinnich fan bekende skilders, mar ek wurk fan jonge ûnbekinde keunstners om harren te stypjen. De Groot skildere sels ek.

Meiïnoar moatte de 300 keunstwurken 20.000 oant 30.000 euro opleverje. Dat jild wurdt beheard troch in stichting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)